Lotterij nij Thialf goedkard
Der kin in nasjonale sportlotterij komme om jild yn te sammeljen foar in nij Thialf. De Twadde Keamer hat tiisdei ynstimd mei in moasje fan VVD-Keamerlid Bart de Liefde. De iisbaan op It Hearrenfean wurdt no offisjeel oanmerkt as goed doel.
VVD'er De Liefde woe it makliker meitsje om bydragen oan in ynsamling foar Thialf jaan te kinnen, omdat donateurs skinkings dan fan de belesting ôflûke kinne. Hy wol dat omdat it ryk gjin jild hat om sels in bydrage te jaan oan in nij iisstadion.
Media:
LC (website) --> Kabinet bekijkt Thialf-loterij