Opinie: Bouwe Blinder
Der is op’t heden in grutte fraach nei wenromte. Mei de krapte fleane de prizen omheech, net allinne yn’e stêd, ek op’e doarpen. De keapers komme foar in part út oare parten fan Nederlân. In oar part fan’e keapers bestiet út minsken mei jild en dat graach belizze yn wenningen, dy’t dêrnei ferhierd wurde of brûkt wurde als rekreaasjewente. Dêr komt by dat der yn’e ekonomyske krisis, oant 2018, net in soad nijbou plakfûn hat. Dat jildt ek foar de bou fan sosjale hierwenten, foaral op’e doarpen. De ferhierdersheffing, it jild dat wenningkorporaasjes oermeitsje moatte nei Den Haach, hat dizze sitewaasje ek gjin goed dien. Wy fine it no heech tiid om op te hâlden mei dy heffing!
De provinsje lit om de pear jier in prognoaze opstelle foar de ûntwikkeling fan it tal ynwenners en it tal húshâldens yn ús provinsje foar de kommende jierren. Al in jier as fyftjin wurdt der (op termyn) krimp foarsein foar Fryslân. It oantal ynwenners sil ôfnimme, mar it oantal húshâldens sil noch oant 2030 ta licht groeie, sa wurdt no tocht. Dêr komt no de grutte fraach by dy’t liedt ta krapte op’e wenningmerk. It gefolch is dat benammen starters, minsken dy’t foar it earst graach in hûs keapje wolle, in probleem ha. De prizen fan keaphuzen binne heech en partikulier hiere is djoer. De gemeenten binne ferantwurdlik foar de bou fan huzen. Dy meitsje út wêr’t boud wurdt. Ek oer de kwaliteit fan’e huzen beslute de gemeenten, it ferlet fan wenningen foar âlderein, foar allinnesteanden, foar jongerein en ôfspraken mei wenningkorporaasjes bygelyks.
It is fan grut belang dat der no, yn in tiid fan krapte, net allinne sjoen wurdt nei grutte útwreidingsplannen by de grutte stêden. Krekt yn de doarpen, ek de lytse, is der fraach nei wenromte. Foar de leefberens en de sosjale gearhing yn doarpen is it fan grut belang dat der wenromte is foar benammen de jongerein dy’t graach yn in doarp wenje wol en âlderein dy’t der gjin ferlet fan hat om te ferhúzjen nei in appartemint yn in grutter plak. Meiinoar soargje sy derfoar dat in doarpsmienskip aktyf bliuwt en omsjocht neiinoar.
In moai doarp is in doarp mei in hechte mienskip, sa leart de ûnderfining. Yn’e ôfrûne jierren hawwe de ynwenners meiinoar, mei help fan provinsje en gemeente, de kearn fan har doarp opkreaze. Âlde huzen binne restaureare en de omjouwing is tige opknapt. It risseltaat: in oantreklik doarp en in hechte mienskip fan meiinoar ien. Dat hat oare doarpen ynspireard om ek mei oare eagen nei har eigen doarp te sjen en oan’e slach te gean. Wy wolle dat sokke inisjativen trochset wurde troch de provinsje.
Der bart dus fan alles, mar der moat noch mear barre. Der moat boud wurde. De wenaginda dy’t meikoarten behannele wurdt yn Provinsjale Steaten jildt oan 2023 ta en is basearre op de prognoazes foar 2020-2030. Op grûn dêrfan binne ôfspraken makke mei de gemeenten oer it tal huzen dat de kommende jierren boud wurde moatte soe. Takom’ jier wurde der opnij prognoazes opsteld, yn 2023 komt der in nije wenaginda en wurde de ôfspraken mei gemeenten tsjin it ljocht hâlden. As dat noadich is, moat der dan wer mear romte wêze foar nijbou.
Oant dy tiid ta lizze der by alle gemeenten meiinoar op dit stuit noch hieltyd plannen foar nijbou fan mear as 10.000 huzen. Dy kinne moarn boud wurde. Yn’e ôfspraken dy’t yn 2021 mei de gemeenten makke binne, sit dêr boppe op ekstra romte. Wy wolle dat der dêrnjonken ekstra romte is foar maatwurk, as dêr ferlet fan is.
It ferwyt dat de provinsje oanstjoere soe op krimp is net terjochte. De plannen lizze der, de romte om te bouwen is der, gemeenten kinne moarn oan’e slach. Bouwe blinder!
Statenleden:
Sijbe Knol, FNP
Durk Pool, VVD
Maaike Prins, CDA
Anne Zijlstra, PvdA