Maidenspeech Gerda Bos
Ons Statenlid Gerda Bos heeft recentelijk haar maidenspeech gegeven bij de behandeling van het Iepen Mienskips Fûns op 31 januari.
Lees hieronder wat Gerda zei:
"Tanke wol foarsitter.
Achte collega’s, oanwezichen en tahearders,
It past my goed om by dit underwerp IMF myn famme rede te hâlden, omdat it my ticht oan it hert leit.
Frijwillicherswurk sit yn myn bloed.
Ik bin 58 jier lyn berne yn ‘ e Rottefalle en dêr ek opgroeit. De skoallen fan fuortset underwiis haw ik trochrûn yn Surhusterfean en Drachten en op myn 19 e jier bin ik begun mei de leararenoplieding Ubbo Emmius, want dat ik juf wurde woe wist ik al fan jongs of oan.
Ik hie doe ek Johannes Bos al moete, wy krigen ferkearing en yn 1990 bin ik mei him troud.
Fan in famke dy opgroeide in arbeidersgesin, waard ik de frou fan in ûndernimmer, in undernimmer yn’e agraryske wrâld, in wrâld wer’ t ik hielendal niks fan of wist. In boer melkt, en jarret en hellet gers yne simmer, dat wie alles wat ik seach en wist.
Ik begun begelyks mei de boekhalding en moast in reken betelje fan mear as tuzend guonne, no ik ha it earst mar lizze litten want ik skrok derfan. Johannes sei mar gau betelje, mar ik wie went dat in 100 guonne briefke al hiel folle jild wie. It jowt mar oan dat je As boarger gjin idee hawwe wat der him ofspiltet op it boerenhiem.
En wat in drokte op sa’ n pleats en wat in bulte underwerpen wer ’ t jo jo mei dwaande halde moatte en de fekansjes wiene ek folle koarter en de wykeinen wie ek gjin frije tiid, de levensstijl moast ik oanpasse, mar ik krige der folle foar werom. It libben mei de bisten en de rumte om my hinne.
Wy binne grutske alders wurden fan Jan Auke yn 1991 en Janine yn 1993. Beide binne opgroeit tot ek wer undernimmers, Jan Auke sit no al 4 jier op ‘ e pleats en Janine hat yn Grins har eigen bedriuw yn ‘ e Energietransitie.
Myn man wurket folop mei op ‘ e pleats en ik bin nei myn oplieding altiid wurksem west yn it underwiis. Fan Fuortset underwiis oant speciaal underwiis, tuskentroch noch yn it basisunderwiis fanwege myn Pabo opleiding doe’t us bern lyts wiene en letter yn it MBO. As learkreft begun en al sa’ n 15 jier yn it mt fan de ferkillende skoallen. Yn it MBU wurkje ik noch, hjirre yn ‘e sted by Firda.
Ik sei al it frijwillichers wurk sit yn myn bloed, sa wy ik bygelys Doe’t ik sa’n 15 jier wie wie ik begeliedster en trainster fan it jongste team fan kuorbal.
Siet ik yn it bestjoer fan de Boerinnengroep doe’ t ik ferkearing kriig mei Johannes, en letter yn myn wenplak lid fan de wurkgroep leefberens, wer ’t ik no noch yn sit 25 jier letter. Derneist wy ik foarsitter fan doarpsbelang, siet ik yn de OR fan de basisskoalle fan de bern en yn de ouderraad fan it fuortset underwiis skoalle fan Janine. Letter noch bin ik foarsitter west fan it LTO bestjoer fan us gemeente.
Yn de 90 ‘ er jierren krige ik belangstelling foar de politiek. De VVD fan de gemeente hie in adverteasje set yn ‘e krante en freegen om skaadfraksje leden. Ik hie der wol earren nei en haw derop reagearre. Sadwaande kaam ik yn de skaadfraksje fan de VDD telanne. En dernei yn it bestjoer. Jierren letter yn de gemeenteried en ofrunne bestjoersperiode oan ’ t foarich jier oant de ferkiezings siet ik yn it wetterskip bestjoer. En no dan hjir.
Boppesteande jowt al oan, dat oft jo wat feroarje wolle of betekenje wolle foar de mienskip dat je net oan de siedline stean moatte mar jo der foar yn sette moatte. Dat is ek de reden dat wy hjir allegearre sitte en us Fryslan moaier en leefbaarder meitsje wolle foar al us ynwenners en bedriuwen.
Dat binnen ek 1 fan de wearden fan de VVD, eigen ferantwurdelikhiid nimme, wat foar mysels ek in belangryke wearde is. Mar ek soarchje foar in oar dy’ t it sels net kin. Dat haw ik mei krigen ‘ut in reade nêst fan thus, us heit wie jierren lyn politiek aktief binnen de pvda.
En sa meitsje ik dan ek de breche nei it foarlizzende stik oer it IMF.
Ik haw sels san 7 jier lid west fan in adviescie yn Noard east, ik moast der ut omdat ik yn PS kaam, wat ik hiel spitich fûn. Want wat joech dat in energie te lezen dat der safolle oanfrachen foar subsidie wiene en dus safolle minsken dwaande binne om hun wyk, doarp of streek moaier en leefbaarder te meitsjen. Projecten dy ’t te krijen hiene mei it oanlizzen of ferbeterjen fan in fertuteaze boarterstun, in teaterstik, ferdoursjeme fan sportkantines, in nije bestimming oan fertuteaze gebouwen. Prachtig om te lezen wat in energie der yn de mienskip sit. Wy hiene pitch junen om ek de ynitiatiefnimmers kinnen te learden, somtiden mei hiele sportferienings yn e seal sadat wy foar de bern ranja skenke moasten, prachtig.
Wat no foarleit is dat de regeling ienfaldicher makke wurdt, mar ut underfiening wit ik dat help fan de streekbureau meiwurkers nedich is, net allinich foar help by it unfullen fan de oanfraach mar ek de ferbiningen lizze tusken ferskillende projecten. En derneist it wurk wat se dogge foar de adviescie, wat onmisbaar is.
In punt foar de vvd is it frysk of streektaal as foarwaarde foar it yn behandeling nimme fan de oanfraach. De vvd understeunt it frysk en de streektalen fan herte, mar fynt de foarwaarde Frysk of streektaal as betingst op te nimmen by nije IMF iepenstellings te streng. Leafer sjoche we dat it opnaam wyrdt yn de criteria, wy binne dan ek mei yntsjinner fan it amendiment fan JA 21, wêr ’ t Goudzwaard noch mei komt.
Derneist binne wy mei yntsjinner fan it amendiment fan FNP oer de Fryslan Ferbynt dei, wer’ t de VVD foarstander fan is, mar ek fynt dat we nei de earste kear evaluerje moatte om te sjen oft we hjirre mei fierder geanne.
De VVD is bliid dat it IMF fierder giet en winsket de mienskip folle sukses mei harren projecten en tankt de frijwilligers alfest foar jimme ynset!
Tanke wol."